Min waar: krystmerk op De Lemmer giet net troch

12 des 2014 - 08:35

De krystmerk yn it sintrum fan De Lemmer freedtemiddei giet net troch. De organisaasje hat yn oerlis mei de ûndernimmersferiening dit beslút naam yn ferbân mei it waar. Der wurdt in soad reinwetter ferwachte mei wynstjitten ta 110 kilometer yn de oere. It KNMI hat ek koade giel ôfjûn foar ús provinsje.

De organisaasje fynt dêrom it risiko foar de besikers fan de krystmerk te grut. Der soenen goed 90 stands meidwaan oan de krystmerk.

Trefwurden: 
De Lemmer min waar krystmerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)