Swiere ferwiten yn gemeenteried De Fryske Marren

De PvdA-fraksje yn de gemeenteried fan De Fryske Marren ferwiet boargemaster Arie Aalberts tongersdeitejûn bûten de gemeenteried om in akkoart sletten te hawwen mei it COA oer it opheinen fan asylsikers. De PvdA yn de Fryske Marren krige dat te hearren fan it COA. It akkoart soe gean om 250 asylsikers yn Riis en nochris 500 by Balk, De Jouwer of De Lemmer.
De krityk fan de PvdA skeat boargemaster Aalberts yn it ferkearde kielsgat. Hy ferwiet syn COA-gesprekspartner 'ûnbetrouber' te wêzen. Neffens him is der wol praat, mar gjin akkoart.
Aalberts frege de ried om ûnderhannelingsromte. De boargemaster praat freed mei steatssekretaris Fred Teeven en moandei opnij mei it COA. It betrouwen yn de ried bûten de twa koälysjepartijen FNP en CDA, is lykwols hiel lyts. Kear op kear krigen foarstellen fan it kolleezje tongersdei de minimale mearderheid fan 15 om 14 stimmen. De VVD hie it dêrom oer in 'genante fertoaning' en de ChristenUnie sels oer 'de diktatuer fan de mearderheid'. De hiele diskusje brocht de ChristenUnie ta it yntsjinjen fan in moasje fan ôfkarring tsjin it kolleezje. De ChristenUnie fynt dat it kolleezje de ried net goed en ek fierstente let ynformearre hat.