Wim Anker nominearre foar titel 'Meast wurdearre advokaat'

Advokaat mr. Wim Anker © ANP
Advokaat Wim Anker is troch syn fakgenoaten nominearre foar de titel 'Meast wurdearre advokaat.' It Advokateblêd hat in enkête hâlden ûnder advokaten. Wim Anker krige dêrby de measte stimmen as strafpleiter. Syn kollega's neame him 'uitmuntend' en sosjaal belutsen. Oare nominearren binne Louis Zonneberg en Rogier Duk, dy't aktyf binne op oare terreinen binnen de advokatuer. Op 22 jannewaris wurdt op in kongres bekend makke wa't de titel krijt.