Konsert by nij akwadukt yn Ljouwerter Heak

11 des 2014 - 21:49

Muzykleafhawwers koene tongersdeitejûn genietsje fan in konsert by it nije akwadukt by Ritsumasyl. It plak dêr't it Van Harinxmakanaal de Heak om Ljouwert krúst. It hjit it Richard Hageman-akwadukt. Neamd nei in Ljouwerter komponist, dy't yn de tritiger jierren súkses hie, ûnder oare mei filmmuzyk yn Amearika, dêr't er noch in Oscar foar wûn hat. De oare nije akwadukten krije ek nammen fan bekende Ljouwerters. Sa binne der it Margaretha Zelle- en it Escher-akwadukt.

It konsert is ûnderdiel fan de Heakdagen.

Dêrmei wurdt stilstien by de nije rûnwei om Ljouwert. Dy giet op 18 desimber iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)