Eigeners Wyldemerk wolle asylsikers opheine

11 des 2014 - 20:38

Op de Wyldemerk by Aldemardum is op koarte termyn plak foar it opheinen fan 250 asylsikers. Dat oanbod die eigener en ûndernimmer Douwe Jaarsma fan de eardere Kampus tongersdei oan de gemeenteried fan De Fryske Marren. De ried praat oer mooglike alternativen foar de opfang fan 500 asylsikers yn Riis. As de Wyldemerk 250 asylsikers opheint en Mooi Gaasterland yn Riis ek, dan is der dochs romte foar 500 asylsikers kreëard, sa seit Jaarsma.

It kolleezje fan b. en w. jout de foarkar oan de realisaasje fan grut AZC by in grutte kearn.

Soks kin better by in grut doarp as by in lyts doarp as Riis, seit it kolleezje. Oant dy tiid wol it kolleezje allinnich tydlik de romte biede oan op syn meast 250 asylsikers yn Riis. De opposysje is hiel kritysk oer it optreden fan it kolleezje en it COA oant no ta. Foar de ekstra riedsgearkomste oer it húsfesten fan asylsikers is in soad belangstelling fan media en publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)