Taksysintrale Ljouwert fan Kijlstra nei Beimers

11 des 2014 - 19:24

De Ljouwerter taksysintrale komt mei yngong fan 1 jannewaris yn hannen fan Beimers taksy út Sint Anne. Kijlstra Personenvervoer hâldt der mei op. Alle 40 meiwurkers fan de taksysintrale geane mei oer. De beide partijen hawwe mekoar yn goed oerlis fûn. Kijlstra wol him mear rjochtsje op de rezjyrol binnen it Fryske persoaneferfier en Beimers woe graach útwreidzje.

By Kijlstra wurkje no noch 150 minsken, by Beimers 70. De beide bedriuwen wurkje al langer gear, bygelyks mei de telefoansintrales.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)