Amerikaanske ambassadeur ferdjippet him yn wetter en games

De nije Amerikaanske ambassadeur Timothy Broas hat him tongersdei yn Ljouwert ferdjippe yn wettertechnology en serious gaming. Broas is dwaande mei in yntroduksjebesite fan twa dagen oan Fryslân op útnoeging fan kommissaris John Jorritsma. Broas wie ûnder de yndruk fan Wetsus. Wettertechnology is wichtich foar Amearika, omdat it lân geregeld kampt mei oerstreamings, mar ek mei droechte yn it suden.
Goeie advizen en technyske oplossings om it wetterferbrûk te beheinen binne dan ek tige wolkom yn Amearika, sa sei Broas.
De Feriene Steaten wurkje al gear mei spesjalisten út Nederlân foar in better wetterbehear en wol dy gearwurking graach útwreidzje, ferwachtet de ambassadeur. Broas wie ek ûnder de yndruk fan de serious games fan de firma Grendel út Ljouwert. Guon games wurde yn Amearika al ynset foar de revalidaasje fan oarlochsfeteranen.
De ambassadeur gie fierder ek noch op besite by it Frysk Museum, de Ljouwerter fleanbasis en jachtbouwer De Vries yn Makkum. Op freed steane besites oan de Dairy Campus, it Ljouwerter stedhûs en in hynstefokker yn Riis op it programma.