De Friesland docht syn bêst om eigen klanten te behâlden

11 des 2014 - 17:23

Soarchfersekerder De Friesland lit syn 30-tûzen klanten yn it Noardeasten fan Fryslân net samar ôfpakke. Rjocht tsjinoer de oerstapwinkel fan Red de Sionsberg yn Dokkum hat de soarchfersekerder in eigen frachtwein parkeard. Dêr besiket de soarchfersekerder de twifeljende klanten oer te heljen om te bliuwen. De meiwurkers beantwurdzje fragen en besykje sa de ûnrêst fuort te nimmen.

Ut sifers docht bliken dat de útstroom fan besteande klanten op dit stuit like grut is as de ynstroom fan nije klanten.

Aksjegroep Red de Sionsberg tinkt dat De Friesland der mei foar soarge hat dat it sikehûs yn Dokkum fallyt gong is en wol de Dokkumers just oerhelje om oer te stappen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)