Fandalen soargje foar tûzenen euro's skea yn Aldeholtpea

Fandalen binne al fjouwer wiken lang op sloperspaad yn Aldeholtpea. Se lûke in spoar fan fernielings troch it hiele doarp. Sa wurde ruten ynsmiten en lampen fernield. Ek de pleatslike sportklups binne it slachtoffer. By fuotbalferiening Aldeholtpea sit alles ûnder de kalk. Fandalen ha ek mei benzine smiten en it is in wûnder dat der gjin brân ûntstien is. In trekker op it terrein sit ûnder de griene farve en in doar is bekladde.
De ferienings fertinke de pleatslike jongerein, om't de fernielings betiid op 'e jûn plakfine.
De skea rint yn 'e tûzenen euro's en de oerlêst is grut. De tennisferiening en de kuorbalferiening fan Aldeholtpea oerwage nachts sels har fjilden en kantines yn de gaten te hâlden, om de minsken oan te hâlden dy't dêr fernielings oanrjochtsje.