Mear kapasiteit foar wettersuvering It Hearrenfean

11 des 2014 - 16:41

De wettersuveringsynstallaasje op It Hearrenfean hat folle mear kapasiteit krigen. Dat is om de hieltiid grutter wurdende stream ôffalwetter oan te kinnen. Dat wetter komt ûnder oare fan de trije nije suvelfabriken op It Hearrenfean.

Alle dagen makket de ynstallaasje sa'n 10 miljoen liter ôffalwetter fan húshâldens skjin út it sintrum fan It Hearrenfean en út omlizzende doarpen. Dat is fergelykber mei 280 folle tankweinen. De opknapbeurt kostet mear as 4 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)