Pleatslik Belang: "Supermerk yn Sleat hoecht net ticht"

De supermerk yn Sleat hoecht net ticht. Dat seit foarsitter Theo Vis fan Pleatslik Belang Sleat. Neffens him binne der ferskate ûndernimmers dy't de winkel wol oernimme wolle. Hy ferwachtet dan ek dat de supermerk yn jannewaris gewoan iepenbliuwt.
Earder liet eigener Gerard Veenstra witte dat er de doarren op 1 jannewaris slút om't de supermerk yn it stedsje net út kin. Vis is it dêr net mei iens. Hy hopet oer in pear wiken mei in oplossing te kommen yn de foarm fan in oernamekandidaat.
De ynwenners fan Sleat binne bot skrokken fan de mooglike sluting fan de supermerk yn de stêd.