Autodieven aktyf op De Lemmer

11 des 2014 - 15:49

Op De Lemmer hawwe ynbrekkers yn de nacht fan woansdei op tongersdei ynbrutsn yn fiif auto's. Oan de diken Carbeel, Swalp, de Wielewei en Verlaet waarden auto's fan de merken BMW, Mitsubishi en Audi iepenbrutsen.

De sydrútsjes waarden yntikke, wêrnei't de stjoeren, navigaasje-apparatuer, jild, in iPod en sinnebrillen stellen waarden. De plysje ropt tsjûgen op harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)