KNSB wol EK allround yn Ruslân net boykotte

11 des 2014 - 15:36

It reedrydbûn KNSB hat yn oerlis mei de trainers besletten om it EK allround yn it Russyske Chelyabinsk net te boykotten. Dat stiet op de webside schaatsen.nl. It bûn is fan miening dat sporters har net mei polityk dwaande hâlde moatte troch wol of net diel te nimmen oan in evenemint.

”Sporters moeten zich primair kunnen focussen op prestaties”, seit direkteur Arie Koops fan de KNSB. Wol respektearret it reedridersbûn yndividuele besluten fan sporters, dy't om persoanlike redenen ôfsjogge fan dielname.

Op it NK allround 27 en 28 desimber yn Thialf kinne de Nederlânske reedriders in startbewiis helje foar it EK yn Ruslân. De definitive ploech wurdt op 29 desimber bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)