Tefredenheid oer besparring op Fryske wetterketen
De lanlike fisitaasjekommisje is tige te sprekken oer hoe't it giet mei de besparringsambysje fan de Fryske wetterketen. Dat stiet yn it einrapport fan de kommisje, dy't foarsitter Karla Peijs oerlange oan minister Schultz van Haegen. De bedoeling is dat yn de takomst elk jier goed 12 miljoen euro minder útjûn wurdt oan de wetterketen.
De Fryske wetterketen begjint by it út de grûn heljen fan drinkwetter, it suverjen en it ôffieren fan smoarch wetter. Ek it bewaken en ferbetterjen fan de kwaliteit fan it wetter falt hjirûnder.