Oerstap fan Rusnák nei FC Grins noch altyd ûnwis

11 des 2014 - 11:57

Der is noch hieltyd gjin dúdlikens oer de takomst fan Cambuur-spiler Albert Rusnák. It Amerikaanske ESPN wist woansdei te melden dat Rusnák fan jannewaris ôf foar FC Grins spilet. Dêr kin de Grinzer klup lykwols neat oer sizze. "Wij hebben de berichten ook gelezen, maar willen hier niet op reageren", liet de parsefoarljochter witte.

Ek Cambuur wit neat oer in mooglike oerstap fan Rusnák nei FC Grins. Cambuur is gjin partij neffens technysk manager Marcel Keizer fan Cambuur, om't Rusnak ûnder kontrakt stiet by Manchester City.

De Ljouwerters hiere Rusnák oant 1 jannewaris fan Manchester City. It kontrakt fan de middenfjilder yn Ingelân rint yn juny 2015 ôf. Wol Manchester City noch jild fertsjinje oan Rusnák, dan moat de klup him yn jannewaris ferkeapje. Cambuur sil de middenfjilder net keapje, om't dêr gjin jild foar is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)