Nije oanpak âldereinsoarch yn De Miente op De Gordyk

© Omrop Fryslân
Fersoargingshûs De Miente op De Gordyk krijt in nije soarchoanpak. Alle bewenners fan it tehûs wurde yn de takomst ûnderbrocht yn oanleunwenten. By de wenten wurdt ek in nij moetingssintrum boud. Fan dêrút krije de bewenners 24 oeren deis fersoarging. Dat binne de plannen fan wenningkorporaasje Elkien en ZuidOostZorg.
Mei de nije oanpak wurdt de soarch fleksibeler. It fersoargingshûs is oan ferfanging ta, mar yn stee fan nijbou is foar dizze opset keazen. De ferwachting is dat de earste bewenners takom jier jannewaris al ferhúzje.
Ein 2016 moatte alle bewenners te plak wêze. De oplevering fan it moetingssintrum stiet foar 2018 pland.