Súdwest-Fryslân: "Gjin sinnepanielen op asbestdakken"

11 des 2014 - 10:44

De gemeente Súdwest-Fryslân waskôget har ynwenners gjin sinnepanielen te montearen op dakken mei asbest. De ôfrûne wiken barde dat twa kear by boerebedriuwen, mar neffens de gemeente is dat tige gefaarlik. Troch de montaazje komt der asbest frij yn de loft.

Der binne yn Súdwest-Fryslân hieltiid mear partikulieren dy't sinnepanielen pleatse litte. By âldere huzen wurdt faak fergetten dat der mooglik asbest ferwurke is yn it dak. It pleatsen fan sinnepanielen op asbestdakken leveret in flinke boete op. Boppedat moat it asbest ferwidere wurde.

Oft der ek maatregels naam wurde tsjin de twa boerebedriuwen is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)