Wüst en Kramer net yn aksje op ploege-achterfolging

Ireen Wüst komt dit wykein net yn aksje op de ploege-achterfolging by de wrâldbeker yn Thialf. It wedstriidskema is te fol, seit bûnscoach Geert Kuiper. Om dyselde reden liet Wüst ôfrûne wykein de 1000 meter oan har foarby gean. Har plak yn it team, mei Marrit Leenstra fan Wikel en Marije Joling, wurdt ynnaam troch Carlijn Achtereekte.
By de manlju komme deselde trije reedriders yn aksje as ferline wike op de ploege-achterfolging: Douwe de Vries, Arjan Stroetinga en Frank Vreugdenhil. Sven Kramer docht net mei, ek om't er in drok skema hat.