Drokte foar de krystdagen ferwachte dit wykein

Dit wykein stiet Fryslân yn it teken fan de krystmerken en alle oare saken dy't mei de krystdagen te krijen ha. Sa sil de ferkeap fan krystbeammen hielendal op gong komme en binne tal fan stêden en doarpen hielendal yn de sfear fan de krysttiid.
Wat benammen opfalt is dat minsken hieltyd mear oer hawwe foar in krystbeam. De prizen rinne op nei sa'n 60 euro foar in echte Nordmann-beam.