Plysje fynt stellen sloep gau werom

© ANP
De plysje hat woansdeitejûn op de A7 by Fryske Peallen in autobestjoerder oanhâlden dy't earder yn Ljouwert in sloep stellen hie. De man waard sjoen troch in motorplysje. De auto en sloep binne troch de plysje yn beslach naam. It fermoeden bestiet dat de man ek tefolle dronken hie.
Fanwege it stellen fan de sloep die de plysje in oprop op Burgernet.