Ynformaasjebuorden oer wurk oan N31 by Harns pleatst

Rykswettersteat en Ballast Nedam hawwe grutte buorden neist de N31 by Harns delset om it ferkear alfêst te ynformearjen oer mooglike fertragings en omliedings troch wurk dat begjin takom jier begjint. De N31 krijt dan oer in lingte fan trije kilometer twa kear twa rydstroken en ûnder it Van Harinxmakanaal troch wurdt in akwadukt boud. Ek wurdt twa kilometer fan de dyk yn in bak ûnder de grûn troch oanlein. Neist eigen meiwurkers sil Ballast Nedam ek lokale bedriuwen belûke by it projekt. It wurk moat yn 2017 klear wêze.