Stoarm soarget foar heech wetter by Harns

10 des 2014 - 18:46

De stoarm boppe Grut-Brittannië soarget yn de nacht fan woansdei op tongersdei foar in hegere wetterstân op it Waad by Harns. Neffens Rykswettersteat wurdt in ferheging fan 2,55 boppe NAP ferwachte. Neffens de organisaasje is dat net in útsûnderlike sitewaasje, mar komt dy in tal kearen yn it jier foar. It wetterskip en de provinsje binne op de hichte brocht fan de ferwachting, sadat se sa nedich maatregels nimme kinne.

Waarynstitút KNMI hat fanwege de hurde wynstjitten koade giel ôfkundige foar it gebiet. In nacht earder wie dat ek sa.

Trefwurden: 
Harns stoarm heech wetter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)