OpsterLanders wol asylsikers opfange yn Opsterlân

Gemeente Opsterlân © Omrop Fryslân
De partij OpsterLanders wol dat de gemeente Opsterlân gehoar jout oan de oprop fan steatssiktaris Teeven oan gemeenten om tydlik asylsikers op te fangen. Neffens OpsterLanders binne der yn de gemeente genôch leechsteande gebouwen dêr't in opfang yn fêstige wurde kin. Mocht it ta de fêstiging komme, dan moatte omwenners wol op tiid ynformeard wurde, sa fynt de partij.
OpsterLanders hopet dat oare partijen yn de ried it foarstel stypje.