Friese Poort nimt MBO-opliedings op Urk oer

10 des 2014 - 18:15

ROC Friese Poort nimt de MBO-opliedings fan it Berechja College op Urk oer. It kolleezje hat earnstige finansjele problemen en kin selsstannich net fierder. Op de MBO-opliedings sitte 180 learlingen, dy kinne op de besteande lokaasje har ûnderwiis folgjen bliuwe.

De VMBO-ôfdieling fan it kolleezje giet wol selsstannich troch. Dat kin troch in finansjele bydrage fan de provinsje en gemeente. Ek it Ministearje fan Underwiis sil ta de bûse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)