Dykbehearders teste de seedyk by Easterbierrum

10 des 2014 - 17:18

By Easterbierrum is woansdei de feillichheid fan de seedyk test. Grutte bakken wetter waarden oer de seedyk smiten. Sa waard sjoen hoe sterk it gers op de dyk is en hoefolle wetter it gers oankin. Oant no ta binne der likernôch 3200 golven op it selfde plak terjochte kaam. Dat stiet gelyk oan rom acht oeren stoarm.

Mei dizze proef wolle de dykbehearders benammen sjen nei de oergongen tusken it gers en bygelyks in trep of picknicktafel. Dizze oergongsplakken binne de swakke plakken yn de dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)