Apparteminten yn âld belestingkantoar Snits

10 des 2014 - 16:22

De gemeente Súdwest-Fryslân is posityf oer de ferbou fan it âlde belestingkantoar yn Snits ta apparteminten. Yn it gebou moatte 27 wenningen foar senioaren komme, 22 dêrfan passe yn it gebou sels, de oare fiif komme yn in laach dy't op it besteande kantoar komt.

It gebou stiet al in oantal jierren leech, de gemeente is dêrom bliid dat der plannen mei binne. It bestimmingsplan moat der noch wol foar wizige wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)