Inisjatyfnimmers wynmûnereferindum binne teloarsteld

10 des 2014 - 16:08

De inisjatyfnimmers foar in referindum oer wynmûnen yn Fryslân reagearje teloarsteld mar ek striidber op it beslút fan Provinsjale Steaten om it referindum ôf te wizen. Neffens âld-deputearre Jan Ploeg sil de groep him beriede op fierdere stappen. Hy slút net út dat der beswier oantekene wurde sil.

Ek it beslút op 17 desimber fan de steaten oer wêr't de wynmûnen komme, stiet neffens Ploeg iepen foar beswieren. "Alle juridyske mooglikheden stean iepen. As jo de minsken sa op de siel traapje, sil dat in soad beswieren opsmite'', sei Ploeg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)