Joop Atsma op kandidatelist CDA foar Earste Keamer
Ald-steatssiktaris Joop Atsma fan Surhústerfean stiet foar it CDA op de kandidatelist foar de Earste Keamer. Atsma stiet op it alfde plak. Listlûker is Elco Brinkman.
De Earste Keamer wurdt keazen troch leden fan provinsjale steaten. De ferkiezings binne op 26 maaie. It CDA hat op dit stuit alve sitten yn de Earste Keamer.