Reade tried: Moaie minsken hawwe mear kâns op in baan

11 des 2014 - 05:59

Dat is de stelling hjoed yn de Reade Tried. Oantreklike minsken hawwe earder kâns op in baan as minsken dy't dat net binne. Foar guon is it in iepen doar, foar guon klinkt it as diskriminaasje, mar it is no feitlik fêststeld troch it Sociaal Cultureel Planbureau. De kâns dat moaie wurksykjenden útnoege wurde foar in sollisitaasjepetear is 20% grutter. De fraach is fansels wat je mei de útkomsten fan sa'n ûndersyk? Moat der ekstra omtinken foar wêze? Dat is der ommers ek foar de ferskillen tusken manlju en froulju of tusken allochtoanen en autochtoanen. Moat der wat barre om moaie en minder moaie minsken deselde kânsen te jaan en sa ja, wat dan?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)