Keamerkommisje bepraat situaasje De Sionsberg

10 des 2014 - 14:06

De situaasje fan sikehûs De Sionsberg wurdt woansdei besprutsen yn de fêste keamerkommisje fan de Twadde Keamer. Ut Dokkum wei binne twa bussen mei hûndert aksjefierders nei Den Haach reizge om derby te wêzen. Se sille in petysje oanbiede, wêryn't se stipe freegje foar it plan fan de medysk spesjalisten foar in lytsskaliger sikehûs yn Dokkum.

Sa't it no liket binne it CDA en de ChristenUnie posityf oer de plannen. Tagelyk is de tiidsdruk hiel grut, omdat de kuratoaren foar de kryst dúdlik hawwe wolle hoe't it fierder moat mei De Sionsberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)