Zalen Schaaf bliuwt iepen oant en mei 2018

10 des 2014 - 12:53

Schaaf City Theater yn it sintrum fan Ljouwert bliuwt yn elts gefal oant en mei 2018 iepen. Wol wurdt it oantal konserten dat oant ien oere yn de nacht duorret beheind ta 36. Oare aktiviteiten moatte om alve oere jûns ophâlde.

Dêrmei komt it kolleezje fan b. en w. temjitte oan klachten fan omwenners. De gemeente wol it Speelmanskwartier oars ynrjochtsje, mar der binne noch gjin konkrete plannen foar Schaaf. Dêrom kin it sealesintrum tydlik op de âlde wize fierder gean. By Schaaf binne se bliid mei it beslút. "Een pluim voor het college."

Trefwurden: 
Ljouwert Zalen Schaaf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)