Allinnich gemeente Hearrenfean ûnder tafersjoch provinsje

Gemeente It Hearrenfean
De gemeente Hearrenfean bliuwt as iennige Fryske gemeente ûnder previntyf tafersjoch stean fan de provinsje. Hearrenfean hat in tekoart fan 9 miljoen. Yn it ferline wie dit tekoart noch grutter, mar troch besunigings en de komst fan grutte suvelfabriken is de finansjele posysje wat ferbettere.
De 23 oare Fryske gemeenten hawwe in slutende begrutting. De provinsje makket him wol soargen oer it feit dat de algemiene reserves fan de gemeenten mei 16 miljoen werom rûn binne nei 166 miljoen. Dêrmei is de finansjele romte minimaal.