Reedriders hawwe krityk op programma WK ôfstannen

Reedriden © ANP
Reedriders en coaches binne net bliid mei it programma foar it WK ôfstannen dat yn febrewaris op Thialf hâlden wurdt. Op de iepeningsdei stiet ûnder oare de 10 kilometer op it programma, wylst in dei letter de 1500 meter en de ploege-achterfolging riden wurde.
Jac Orie, de coach fan Sven Kramer, hat yn de Telegraaf krityk op it skema. As it sa stean bliuwt, kin Kramer net op fjouwer mar op maksimaal trije ôfstannen yn aksje komme, warskôget Orie. De KNSB stipet de coach yn syn krityk.