Man en frou fan 81 jier oanriden yn Burgum

© ANP XTRA
In man en frou fan 81 jier út Burgum binne tiisdeitemiddei oanriden op de G.W. Navisleane yn harren wenplak. De man en de frou waarden oanriden doe't se de dyk oerstutsen troch in 54-jierrige automobilist, ek út Burgum. De bestjoerder ried fia de Mr. Oppedijk van Veenwei de dyk op en kaam dêrby yn botsing mei it âldere stel.
De slachtoffers binne mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.