"Provinsjes moatte meielkoar fûst meitsje nei Den Haach"

09 des 2014 - 21:27

De provinsjes bûten de Rânestêd moatte mear meielkoar oplûke om in fûst te meitsjen yn Den Haach. Dat seit deputearre George van Heukelom fan Seelân. It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Seelân wie de ôfrûne twa dagen op besite yn Fryslân. Se woene sjen hoe't Fryslân bepaalde problemen oanpakt dêr't se sels ek tsjinoan rinne. It giet dan bygelyks om iepenbier ferfier en befolkingskrimp.

Foar in goeie oanpak fan dy problemen is faak de help fan it ryk nedich, mar it is foar de provinsjes lestich om dy help ek echt te krijen.

Neffens Van Heukelom soene Fryslân en Seelân derom meikoarten mei oare provinsjes bûten de Rânestêd om tafel moatte, om de regio's better op de kaart te krijen yn Den Haach.

Seelân hat ek mei de provinsje ôfpraten dat besjoen wurde sil oft inkele Sieuske eveneminten in plakje krije kinne op de kalinder fan Kulturele Haadstêd 2018. Derby tinke se ûnder oaren oan de fiskerijdagen fan Vlissingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)