"Ynhâldlik feroaret der hast neat oan Fryske skriuwwize"

Der feroaret neffens de Fryske Akademy ynhâldlik eins hast neat oan de skriuwwize fan it Frysk. Dochs ûntstiet der in soad diskusje oer in advys fan dy Akademy oan Provinsjale Steaten oer ús taal. Woansdei wurdt der yn de steaten oer dat advys praten. De nije Fryske wurdlist en de konsekwinsjes fan de feroarings yn de stavering smite de measte diskusje op.
De nije wurdlist jout foarkarsfoarmen sadat in begjinnend Frysk skriuwer de taal makliker leare kin.
Mar wa't bygelyks Wâldfrysk skriuwe wol, kin dat gewoan dwaan sûnder dat soks as flater oanrekkene wurdt yn de nije staveringshifker. De oanpassings fan de stavering betsjutte yn de praktyk dat we 332 wurden fan de 83.000 wurden oars skriuwe moatte.