Fryske autodiken min ûnderhâlden troch besunigings

09 des 2014 - 21:07

De provinsje Fryslân hat noed oer de besunigings fan gemeenten op de Fryske autodiken. De gemeenten moatte besunigje om harren begrutting slutend te krijen en dêrby wurdt benammen sjoen nei it ûnderhâld fan de ynfrastruktuer. In soad gemeenten kieze dan foar it leechste nivo fan ûnderhâld foar de autodiken en neffens de provinsje kin dat hiel negatyf útpakke.

De diken wurde dan sa min, dat der oer in pear jier flink ynvestearre wurde moat om dat wer goed te krijen.

It is op dit stuit net dúdlik oft der no al Fryske diken binne dy't te min ûnderhâlden wurde. In lanlik ûndersyk dat takom jier dien wurdt, moat dêr mear dúdlikheid oer bringe. De provinsje wachtet dat ûndersyk ôf foardat der opnij mei de gemeenten praat wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)