Provinsje moat struktureel jild stekke yn ûntwikkeling Frysk

09 des 2014 - 17:17

De provinsje moat struktureel jild stekke yn de digitale ûntwikkeling fan it Frysk. Dat fynt de FNP. De partij tsjinnet hjiroer woansdei in moasje yn. Neffens de partij moat bliuwend ynvestearre wurde yn digitale helpmiddels foar it brûken fan it Frysk.

Dêrby kin bygelyks tocht wurde oan it Frysk op mobile telefoans, apps en tapassings op de kompjûter. De FNP leaut dat it nije Taalweb Frysk fertuten dwaan sil as it ek yn de takomst aktueel hâlden wurdt. Dit sil bydrage oan it aktive gebrûk fan it Frysk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)