Soarchbelang wol second opinion nei petearen oer thúshelp

09 des 2014 - 17:03

Soarchbelang Fryslân is bliid mei de útspraak fan de rjochter yn de saak tusken in âlder stel en de gemeente Dantumadiel. De rjochter bepaalde tiisdei dat it pear fan 88 en 89 jier út Dantumadiel gelyk hat yn harren beswier tsjin it ôfskaffen fan de fergoeding foar húshâldlike help troch de gemeente.

Dochs hat Soarchbelang noch wol noed oer de petearen dy't dalik komme mei de soarchôfnimmers. Dêrom komme se no mei in plan. Se wolle graach dat der mooglikheden komme foar in saneamde second opinion nei de petearen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)