Plysje komt yn aksje foar brommobyl op de Wâldwei

© ANP
De plysje is tiisdeitemiddei yn aksje kaam foar in melding fan in brommobyl dy't op de Wâldwei fan Ljouwert nei Drachten ride soe. Fanwege is gefaar fan sa'n stadige auto op in 100-kilometerwei kaam de plysje yn aksje mei ferskate auto's en motoaren.
De brommobyl waard lykwols net oantroffen. Nei alle gedachten hat de bestjoerder in ôfslach pakt, foardat de plysje him berikke koe.