Kwart fan Fryske ambulânseritten wie ûnnedich

In kwart fan alle 26.000 spoedritten dy't ambulânses yn Fryslân dit jier makke hawwe, blykten ûnnedich. Yn dizze gefallen hie it slachtoffer himsels best rêde kinnen of om help fan in húsdoktoer freegje kinnen. Dat docht bliken út gegevens fan de Meldkeamer Noard-Nederlân.
De sintralisten fan de meldkeamer beoardiele eltse melding mei help fan in fragemetoade en beslute dêrnei oft der ambulânsehelp needsaaklik is. Sa út en troch blykt efterôf dat spoedhelp net nedich wie.
Ut in ûndersyk fan it Radboud sikehûs yn Nijmegen docht bliken dat lanlik 40 prosint fan alle ambulânseritten net nedich wie.