Soarchsintrum Het Bildt hâldt protestmerk

09 des 2014 - 12:33

Soarchsintrum Het Bildt hâldt woansdei in eigen soarchmerk by soarchsintrum Beuckelaer yn Sint Anne. Dat dogge se as protest tsjin de soarchmerk fan grutte soarchoanbieders efkes fierderop yn doarpssintrum Ons Huis yn it doarp.

Neffens soachsintrum Het Bildt is der foar harren gjin plak op de soarchmerk fan ûnder oare soarchfersekerder De Friesland. De organisaasje sprekt fan in miste kans om minsken op Biltske wize ynformaasje te jaan oer de grutte feroarings yn de soarch.

Soarchfersekerder De Friesland organisearret yn gearwurking mei de wat gruttere soarchoanbieders tolve ynformaasjemerken om minsken te fertellen oer de feroarings yn de soarch. By it opsetten fan de manifestaasjes ha se de gruttere partijen benadere dy't der by alle tolve manifestaasjes by wêze woenen. Dit om organisatoryske en logistyke redenen, jout De Friesland oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)