Ynternasjonaal selskip bringt besite oan boer It Heidenskip

Ynternasjonale sjoernalisten hawwe tiisdeitemoarn in rûnlieding krigen op it melkfeebedriuw fan de bruorren Bokma op It Heidenskip. De Bokma's meitsje tsiis en eksportearje dat nei in grut ferskaat oan lannen. Boppedat buorkje sy biologysk. Reden foar de sjoernalisten út 23 lannen om op besite te gean.
De gasten kamen net allinnich út Europa, mar ek út lannen as Koreä, Súd-Afrika en Sry Lanka. De sjoernalisten binne in wike ûnderweis op útnoeging fan it ministearje fan Bûtenlânske Saken en krije sa in yndruk fan de suvelsektor yn Nederlân.