Dantumadiel op 'e fingers tikke nei ôfskaf húshâldlike help

09 des 2014 - 11:32

De rjochter hat it âldere stel fan 88 en 89 jier út de gemeente Dantumadiel yn it gelyk steld yn harren beswier tsjin it ôfskaffen fan de fergoeding foar harren húshâldlike help. De gemeente moat no útsykje oft it stel sûnder dy help kin. Oant dy tiid rint de fergoeding gewoan troch.

De gemeente skafte de fergoeding ôf sûnder dat der in persoanlik petear fierd wie mei it stel. Dat kin sa net, hat de rjochter sein. In besunigingsmaatregel as gefolch fan de nije wet Wmo dy't alle boargers yn in gemeente treft, kin net algemien oplein wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)