Boargemaster Bilker iepenet sneon monuminterûte yn Kollum

09 des 2014 - 10:53

Boargemaster Bearn Bilker en wethâlder Jelle Boerema fan de gemeente Kollumerlân iepenje sneon de monuminterûte lâns 24 histoaryske gebouwen yn Kollum. It giet om in inisjatyf fan de gemeente yn gearwurking mei ûnder oare Adema Architecten, de stichting Erfgoed Kollumerland en Pleatslik Belang.

Doel fan de monuminterûte is om de skiednis libben te hâlden en mear besikers nei it sintrum te lûken. Op elts monumintaal gebou sit in buordsje mei histoaryske ynformaasje oer it pân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)