Gemeenten en soarchpartijen biede Twadde Keamer petysje oan

09 des 2014 - 10:31

Mear as hûndert minsken út Noardeast-Fryslân gean woansdei mei twa bussen nei Den Haach. De Twadde Keamerkommisje praat dan oer Soarchgroep Pasana. Foarôfgeand oan dy fergadering sille gemeenten en soarchpartijen út Noardeast-Fryslân in petysje oanbiede, wêryn't it regear oproppen wurdt om mei te wurkjen oan de nije soarchstruktuer yn de regio.

Nei it fallisemint fan de Pasanagroep, dêr't ek sikehûs De Sionsberg yn Dokkum ûnder falt, ha de partijen foarige wike freed in plan opsteld om de soarch yn de regio te behâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)