Rjochter docht útspraak oer húshâldlike help

09 des 2014 - 08:35

De rjochter yn Grins docht tiisdei útspraak yn de saak oer húshâldlike help yn Dantumadiel. Sintraal stiet de fraach oft in selsstannich wenjend echtpear fan 88 en 89 jier út de gemeente de húshâldlike help hâlde kin, sûnder dat it dêr sels eltse moanne 400 euro ekstra foar betelje moat.

De gemeente betellet de help no noch, mar dêr driget fan 1 jannewaris ôf in ein oan te kommen. De dochter hie de rjochtsaak oanspand, omdat har âlden sûnder de húshâldlike help net langer selsstannich wenje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)