110 banen fuort by Ferslavingssoarch Noard-Nederlân

09 des 2014 - 08:12

By Ferslavingssoarch Noard-Nederlân ferdwine takom jier 110 fan de goed 800 banen. Der falle ûntslaggen yn de soarch, by de stêf en it management. It personiel is dêr moandei fan op de hichte brocht. De organisaasje neamt it in pynlik beslút, mar seit net oars te kinnen.

Gemeenten besunigje 10 oant 25 prosint op it wurk fan de ferslavingssoarch. Ferslavingssoarch Noard-Nederlân tinkt dat de gefolgen foar de kliïnten beheind bliuwe. De ûndernimmingsried en de kliïnteried moatte noch in advys útbringe oer de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)