SC Hearrenfean yn petear mei twa jonge talinten

© Omrop Fryslân
Sportklup Hearrenfean is yn petear mei Simon Thern en Valon Ahmedi. Thern is in 22-jierrige middenfjilder en spilet no by Malmö FF. Thern is twafâldich Sweedsk international en spilet op dit stuit Champions League. Ahmedi is Albaneesk international, berne yn Masedoanië en opgroeid yn Italië. Ahmedi is 20 jier en spilet by it Sloveenske Celje benammen as fleugeloanfaller.
Manager fuotbalsaken Hans Vonk hopet dit wykein fier te kommen mei Thern. Ahmedi wie moandei by Jong Hearrenfean te sjen en neffens Vonk sitte sy yn de "kennismakingsfase".