D66 makket ferkiezingslist bekend

D66
D66 Fryslân hat moandeitejûn de list foar de provinsjale ferkiezings bekend makke. Achter listlûker Margreet Mulder stean Mark de Roo en Marieke Vellinga-Beemsterboer op plak 2 en 3. Maaike Kuik en Bouwe Schroor meitsje de top fiif kompleet. Sietze Schukking, earder ek yn de race foar listlûker, stiet op it achtste plak.
De provinsjale ferkiezings binne op 18 maart 2015.